Verkiezingsdebat Fryslan

Categorie: Nieuws Gepubliceerd: woensdag 18 maart 2015

Dreamen foar Fryslân en it Ferkiezingsdebat, tiisdei 17 maart om 18.15 oere live op Omrop Fryslân Televyzje

Hokker politike partij wurdt moarn by de provinsjale steateferkiezings de grutste partij fan Fryslân? Wat binne de grutte tema’s yn ús provinsje dêr’t jo woansdei 18 maart oer stimme kinne? Op dizze fragen kinne jo jûn in antwurd ferwachtsje yn it Omrop Fryslân-debat op tillevyzje.

Listlûkers fan de njoggen partijen dy’t fjouwer jier lynd yn Provinsjale Steaten keazen binne, geane yn debat oer ferskate ûnderwerpen lykas wynmûnen, gas –en sâltwinning, iepenbier ferfier, Kulturele Haadsted 2018 en de besteging fan it NUON-jild.

Dêrnjonken fertelle de njoggen listlûkers wat harren dream foar Fryslân is.

It programma op tillevyzje set om 18.15 oere útein en duorret oan’t 19 oere ta. Dêrnei giet it programma noch ûngefear in heal oere troch op ynternet (www.omroplive.nl). Presintatoaren fan it debat op tillevyzje binne Simone Scheffer en Eric Ennema. Op ynternet nimt polityk ferslachjouwer Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante dizze rol ek foar syn rekken.

It Ferkiezingsdebat wurdt organisearre troch Omrop Fryslân en de Ljouwerter krante. It debat is live te folgjen op 'e televyzje mei de listlûkers fan de partijen dy’t meidogge oan de Provinsjale Steateferkiezings. De sittende partijen sille yn ien-op-ien debatten mei inoar yn de slach oer de takomst fan ús provinsje. Ek krije se de romte om har dream foar Fryslân oan de kiezers oer te bringen.

Gerrit Breteler sil in kritysk liet fersoargje oer de Fryske polityk en Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante sil de boel oereidzje. En alle nije partijen komme ek oan it wurd oer harren programma’s en plannen mei Fryslân

Hits: 749